Tatiana Pratley oan it roer by Tryater: "Urginsje om teäter te meitsjen allinnich mar grutter"

24 jul 2020 - 11:21

Se brûst fan de ideeën en lit har net út it fjild slaan troch de corona-krisis. Tatiana Pratley (35) sil fan 1 augustus ôf offisjeel oan de slach as artistyk lieder fan Tryater. "We hawwe plannen omgoaie moatten, mar de urginsje om teäter te meitsjen is allinnich mar grutter wurden."

Pratley is hikke en tein yn Hurdegaryp en hat de rezjy-oplieding dien oan de toanielskoalle yn Amsterdam. Nei har ôfstudearjen wie se as jonge makker ferbûn oan Tryater. Har earste foarstelling hjir wie yn 2013: Heimwee nei Hurdegaryp. Mei teäterkollektyf Skoft en Skiep makket se foaral foarstellingen oer ûnderwerpen dy't tichtby de minsken steane. Sa as it Heilige Hert van Cambuur, Work work work en Part Time Paradise. Dit wol se as artistyk lieder fêsthâlde.

Bysûndere plakken

Guon paden dy't ynslein binne wol se trochsette. "Wat ik hiel moai fyn is dat we de lêste tsien jier in hiel soad oan talint-ûntwikkeling dien hawwe, dat sil seker trochgean. De souder fan Tryater sil altyd iepen wêze foar jonge makkers om te brûken." Ek hat se nije spearpunten. "Op noch mear bysûndere plakken yn de provinsje spylje. Lykas mei de foarstelling Under wetter op de iisbanen yn Fryslân. Sawat elk doarp hat der ien, mar dy wurde hast net mear brûkt want der is net safolle iis mear. Wat dogge we mei dy lege plakken en hoe geane we om mei de tradysje fan it reedriden? Wat betsjut dat foar ús, it feroarjen fan sa'n tradysje?"

Tradysjes en it feroarjen hjirfan is in tema dat de kommende jierren by Tryater faker werom komme sil. "Tradysjes hearre echt by Fryslân, mar ik fyn it ek nijsgjirrich om te sjen wat der bart as dit feroaret. Kinst der net omhinne, want de wrâld feroaret altyd en seker yn de corona-krisis sjogge je dat no hiel dúdlik. Ik fyn it nijsgjirrich om hjir oer nei te tinken en ús hjir ta ferhâlden."

Lestige tiid

It is in lestige, mar ek in bysûndere tiid wêryn't Pratey as lieder oantrêdet by Tryater. Se fynt it spannend, mar ek útdaagjend. "It wie hiel lang ûndúdlik hoe't alles fierder ferrinne soe. Mar ik tocht ek gelyk nei oer wat der noch wol allegearre kin en fielde just no hiel bot de urginsje fan it meitsjen fan teäter." Plannen waarden omgoaid. It stik Vader en Zoon fan Joop en Mads Wittermans koe net trochgean en it projekt it Lok fan Fryslân waard nei foaren helle. It binne teätrale kuiers troch ferskate doarpen yn Fryslân oer de fraach wêrom't Friezen it lokkichst fan Nederlân binne.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Se is skrokken fan hoe't oare teäterselskippen yn ús lân wrakselje mei de corona-krisis. Se binne bot ôfhinklik fan teäters, mar hjir is op it stuit noch net in soad mooglik. "Foar Tryater helpt it dat we fleksibel binne. Wy spylje oeral en nimme ús truck mei alle dekôrs deryn mei. Dit makket it mooglik om ek yn dizze tiid troch te gean. We wiene altyd de 'vreemde eend in de bijt' omdat we as selskip net alle teäters yn Nederlân bydel giene, mar bûn wiene oan Fryslân. Dit is no ús foardiel."

Grutsk

Se is grutsk dat se by Tryater oan it roer stean mei, dat in lange skiednis hat. "Ik haw as bern in soad foarstellingen sjoen by Tryater, lykas Ronja de Roversdochter en haw it selsskip altyd by my droegen. Ik fyn it moai om de skiednis mei te nimmen de takomst yn. Foar my stiet Tryater echt foar ferbining mei de provinsje, foar nei de minsken tagean, it spyljen op bysûndere lokaasjes en ûnderwerpen dy't tichtby it hert steane."

(advertinsje)
(advertinsje)