Fryslân is sûnt in pear wiken in eilân riker yn de Iselmar

Fryslân is in eilân riker yn de Iselmar. Sûnt in pear wiken is it boppe wetter kaam. It wurdt oanlein foar en troch it wynpark Fryslân dat yn de simmer fan takom jier 89 wynmûnen yn bedriuw ha wol. It eilân wurdt no ynrjochte as wurkeilân, mar moat úteinlik in plus opleverje foar de natuer en dan benammen fûgels. Begjin augustus moat it klear wêze, wêrnei't der noch wat wurk dien wurdt oan ûndjipten by it eilân.
Fryslân hat der in eilân by
"It is bedoeld as wurkeilân. Dus yn de boufaze fan it Wynpark Fryslân wurdt it brûkt om wurk te dwaan en om efter te skûljen. En as it park boud wurdt en de mûnen stean, wurdt it omboud ta natuereilân", seit direkteur Anne de Groot fan Wynpark Fryslân. It eilân wurdt noch mei stiennen ferstevige.
Op it stuit wurdt it stasjon boud dêr't stroom fan de wynmûnen omset wurdt op Breezanddyk. Yn maart moat de earste wynmûne der stean en dy begjint gelyk te leverjen. De planning om alles takom simmer ôf te krijen, is noch altiten goed helber, sa tinkt De Groot.
It wurkeilân yn de Iselmar © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It projekt hat neffens him gjin fertraging oprûn troch it coronafirus: "Dat wie fansels best spannend doe't de corona útbruts en wy seagen hokfoar ymplikaasjes dat allegearre hie. It is in grut ynternasjonaal projekt mei materiaal dat fan in hiel soad plakken fan de hiele wrâld komt. Wy hawwe dochs sjoen dat eins oeral de produksje trochgien is, wat hiel wichtich is yn dizze faze. It wurk sels koe ek trochgean mei oanpaste maatregels op it wurk."
Der wurdt wurke mei swier materieel © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der hawwe in soad protesten west tsjin de wynmûnen en it binne der ek in soad; sy moatte foar 500.000 húshâldingen stroom opsmite kinne. De Groot: "De ashichte wurdt 115 meter en de tipmeter 180 meter. Ja sy binne hiel sichtber. Dat sille minsken seker sjen en dat sil seker opfalle."
It natuereilân mei dan wol wat winst opsmite foar de natuer en it leit op romme ôfstân fan it park, mar foar fûgels is it gjin goed nijs. De yn Nederlân brûkte noarm fan ien prosint ekstra stjerte yn it jier kin it oantal fûgels yn tsien jier tiid, ôfhinklik fan de soarte, al mei twa oant 24 prosint redusearre. Dat docht bliken út nij ûndersyk dat ferline jier publisearre waard.

Stilstân

As it te mâl giet, kinne sy by Wynpark yngripe, seit De Groot: "Wy moatte sjen wat der bart. Dat 'monitoare' wy ek. Dy ferplichting leit ek ûnder de fergunning, mar wy fine dat ek logysk. Dêrby hawwe wy ek al sjoen hokfoar maatregels je nimme kinne as der dochs ûnferwachts mear fûgels by it park binne. Wy kinne dat sjen en ja dan kinne wy sjen oft wy dêr maatregels foar treffe kinne. En stilstân is dêr ien fan, mar dat is fansels net de meast favorite."
Buizen dy't brûkt binne om sân op te spuitsjen. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
In opfallende ûntwikkeling is dat der hjoed-de-dei grutte datasintra opdûke op plakken dêr't in soad duorsume stroom beskikber is. Op de fraach oft soks hjir ek spilet, seit De Groot it folgjende: "Wy hawwe de stroom ferkocht oan Eneco. En mei harren hawwe wy ek ôfspraken makke dat wy hjir yn de regio ek wer ôfnamemooglikheden ûndersykje sille foar Fryske bedriuwen. Mar dat is net op datasintra rjochte."
It eilân yn de Iselmar © Omrop Fryslân, Remco de Vries