Man swier mishannele yn sintrum It Hearrenfean: "Ik dacht dat ik dood ging"

23 jul 2020 - 06:00

"Ik dacht dat ik dood ging." It is sneontejûn as it slachtoffer oanfallen wurdt troch in groep yn it sintrum fan Hearrenfean. Hy wurdt hurd skopt en se traapje him meardere kearen tsjin syn holle. Yn syn oanjefte by de plysje wurdt sprutsen oer it besykjen ta deaslach. Supporters fan sportklup Hearrenfean fiere feest, omdat de klup 100 jier bestiet, mar foar de ynwenner fan It Hearrenfean ferrint de jûn yn in nachtmerje. "Ik zag bloed door mijn ogen lopen."

Ynternetrepo Man mishannele troch supporters

It slachtoffer wol graach anonym bliuwe. "Vanwege de angst die mij is bezorgd door een aanslag op mijn leven, wil ik niet herkenbaar in beeld. Ik woon in Heerenveen en ben bang." Dêrom dogge we dit ynterview op sa'n wize dat hy net herkenber is. De man docht syn ferhaal, neidat hy de redaksje fan Omrop Fryslân maild hat. Hy wol graach syn ferhaal dwaan en freget oft dat anonym kin. Sa belânje we woansdeitemoarn by him thús, dêr't hy syn ferhaal docht.

It is sneontejûn om in oere as healwei alven by it Burgemeester Kuperusplein oan de râne fan it sintrum fan It Hearrenfean as in grutte groep Hearrenfean-supporters rjochting it stadion rint. Hy is thús en skrikt ynienen troch in hurd lûd. "Ik hoorde een enorme harde knal. Het was een lawinepijl vlak voor mijn woning. Daarom ging ik even buiten kijken. Ik zag een grote groep mensen. Ik wist niet wat er aan de hand was. Het werd me snel duidelijk dat het om voetbal ging. Ze zongen liederen over voetbalclub Heerenveen."

Op dat momint is der noch neat oan de hân. "In de regel zijn de Heerenveensupporters heel gemoedelijk. Dat was eerst ook het geval." Al feroare dat gau. "Het werd me al snel duidelijk dat het om een groep ging die grotendeels in het zwart gekleed ging en de gezichten bedekt had. Ik hield afstand van de groep." Hy nimt wat opnamen mei syn tillefoan. "Maar ik hield al snel op, omdat ik het het idee had dat het geen groep gezellige mensen was."

Op dat moment dacht ik dat het afgelopen was.

Slachtoffer mishanneling

"De groep stond liederen te zingen. Toen draaiden ze zich om. Je zag dat ze zwaar onder invloed waren. Hun armen, hun lichaamstaal. Je zag de agressie. Voordat ik het wist zetten ze voort richting stadion." De groep begjint te rinnen yn syn rjochting, se begjinne te draven. "Ze kwamen opeens op mij af. Er was een meneer. Of nou ja, ik wil het niet eens een meneer noemen. Het ging in seconden. Ik krijg een gigantische slag op de linkerkant van mijn hoofd. Zo hard dat ik bijna meteen tegen de vlakte ging. Ik voel nog dat mijn telefoon uit mijn handen wordt gegrist."

Hy begjint fuort te draven en sjocht efter him dat syn tillefoan hurd op de grûn smiten wurdt. "Ik zet vier of vijf meter en ik voel opeens de eerste klappen. Ik probeer te vluchten. En weer op te staan, maar werd weer op de grond gegooid. Mijn shirt werd uit elkaar getrokken en ik vreesde voor mijn leven. Ik probeerde weg te komen, maar die jongens waren zo snel."

Hy komt net fuort en bedarret yn de portyk fan in flat. "Ik zag geen andere optie dan te gaan liggen in een foetushouding. Zo hoorde ik achteraf, dat het een halve minuut heeft geduurd dat ze op mij hebben geschopt. Op mijn hoofd. En ik ben geslagen door minimaal een zestal personen. Het voelde voor mij als uren. Er is niet gestopt. Op dat moment dacht ik dat het afgelopen was. Dat ik zou eindigen in een portiek. Dat het afgelopen was. Ik zag het bloed door mijn ogen lopen. Toen heb ik nog de kracht gevonden om te gaan rennen. Iemand in de buurt liep dat de politie er aankwam. Daardoor ben ik gered."

Sjoch hjir nei bylden fan de mishanneling. Dit kin as skokkend ûnderfûn wurde:

Bylden fan mishanneling

Nei de reden fan de mishanneling kin de man allinnich mar riede. "Ik ga er vanuit dat een normaal mens niemand wil vermoorden. Ik denk ook niet dat zij dat gedacht hebben. Ik denk dat zij zo onder invloed waren, dat ze niet stilgestaan hebben bij de gevolgen."

Oer wêrom't de groep him te pakken naam, hat hy allinnich in fermoeden. "De betreffende personen die daar stonden willen natuurlijk niet in beeld. Wat ze deden was illegaal. En ik heb begrepen van de politie dat er die avond meer gebeurd is. Dat er nog een jongen mishandeld is. Ik stond met een telefoon in mijn handen. De politie denkt dat ze mij zagen en dat ze de telefoon zagen, en daarom mij moesten hebben. Verkeerde plaats, verkeerde tijd."

Sjoch hjir nei it folsleine ynterview:

Folsleine ynterview

"Ik ben meerdere momenten buiten bewustzijn geweest. Ik ben ook heel afwezig geweest na de tijd, maar ik was op momenten ook heel scherp. Ik kon bijvoorbeeld mijn burgerservicenummer opnoemen. Maar op de vraag waar ik woonde zei ik later Oranjeveen." Hy hellet Oranjewâld en It Hearrenfean trochinoar. De ambulânse komt, mar hy giet net mei nei it sikehûs.

Letter giet er dochs noch. "Nadat ik echt niet meer coherent kon spreken. Ik vreesde voor mijn leven. Ik had zoveel druk op mijn hoofd. Ik was bang dat er iets zou knappen. Medisch gezien moet er ook nog meer onderzoek gedaan worden. Vandaag kijkt een forensisch onderzoeker in hoeverre ik mogelijk blijvende schade hier aan overhoud. Ondanks mijn 'nee' vind ik wel dat ik meegenomen had moeten worden. Het was toch adrenaline die door mijn lichaam gierde."

Hy fertelt fierder. "Door de foetushouding die ik heb aangenomen, heb ik mezelf goed kunnen beschermen. Maar er is mogelijk wel hersenschade. Fysiek heb ik een intense pijn. Alsof ik aangereden ben door een vrachtwagen. Ik heb een hersenschudding. Er zit vocht tussen mijn schedel en hersenen. Daarom word ik ook nader onderzocht. Alles in mijn lichaam is gekneusd." Hy is bang dat der dochs noch wat ferkeard giet. "Het kan gebeuren dat er later toch nog iets knap in mijn hoofd."

Sjoch hjir nei it petear mei plysjewurdfierder Bert Sietzema:

Reaksje plysje

"Ik denk een van de verdachten te hebben herkend. Een van de personen was niet in het zwart gekleed. Die had een wit shirt met rode strepen. Die heb ik later zien lopen. Daar heb ik de agenten op gewezen, die hebben er niks meegedaan. Ze zeiden dat ze onderbezet waren. Dat ze maar één auto ter beschikking hadden en niks konden doen." Hy is der net wis fan dat it de dieder is, dy't er herkende. "Maar ik weet wel zeker dat hij met zijn voet mijn lichaam heeft geraakt." Neffens it slachtoffer hat de plysje de bylden fuort besjoen. Buertbewenners ha bylden makke.

"Ik ben teleurgesteld in de politie. Op dat moment was er geen politie aanwezig. Ik snap dat nog steeds niet. Het was ook vlakbij het politiebureau. Na zaterdagavond heb ik zelf contact moeten zoeken met de politie. Of een kennis van mij heeft gebeld. Toen zijn er meermaals agenten bij mij thuis geweest om excuses aan te bieden, omdat ze niet meteen over waren gegaan tot actie of aanhouding. Omdat de politie ook letterlijk zei, omdat ze wel wisten wie ze konden aanhouden. Ook omdat het gekaderd werd als een poging tot doodslag, dient er, tot zover ik begrepen heb, direct een verklaring te worden opgenomen."

Bylden bestudearje

Dat bart lykwols trije dagen nei it ynsidint. "Het kan ook zo zijn dat ik in de tussentijd zaken vergeten ben. Dat het zo lang geduurd heeft, vind ik erg schadelijk. Misschien ben ik nu wel zaken vergeten, die van belang zijn voor het onderzoek." Hy hat fan de plysje te hearren krigen dat der ien man oanhâlden is. Neffens plysjewurdfierder Bert Sietzema is dat net sa. "We ha noch gjin minsken oanholden. We binne der drok mei dwaande en bestudearje noch de bylden dy't we ha."

Op de oanjefte stiet dat it mooglik giet om it besykjen ta deaslach. Sietzema: "It is yn elk gefal swiere mishanneling. Ik kin my foarstelle dat dat fierder giet, as bliken docht dat it giet om traapjen tsjin de holle, mar dêr giet de offisier fan justysje oer." De plysje hat bylden fan de mishanneling. "Mar as der minsken binne dy't bylden ha, dan meie sy harren melde by de plysje." Neffens it slachtoffer giet om seis dieders, mar dêr kin de plysje neat oer kwyt. "We ha goeie hoop dat we gau minsken oanhâlde kinne."

SC Hearrenfean wol net reagearje op kamera

It slachtoffer hat ek kontakt socht mei sportklup Hearrenfean. "Ik ben erg teleurgesteld in de club. Ik zoek alleen een beetje erkenning, maar ze reageren heel formeel. In mijn beleving heeft de club toch enige verantwoording. Of, nou ja, verantwoording is wellicht het verkeerde woord. Maar dat ze wel afstand nemen. Er is tegen mij gezegd dat zij niet verantwoordelijk zijn voor het handelen van een individu. Wat nu natuurlijk ook zo is. Ik wil dat ze weten wat mensen in de naam van hun club doen. Zij zijn natuurlijk niet schuldig aan wat mij overkomen is. Ik hoef geen vergoeding, of zo. Ik zoek ook geen empathie. Gezien het feit dat ik aan de dood ontsnapt ben, wil ik graag mijn verhaal kwijt. Ik wil wel graag vertellen wat me overkomen is. Ik zou Cees Roozemond (de foarsitter fan SC Hearrenfean, red.) wel graag willen spreken."

Sportklup Hearrenfean lit witte dat de fjoerwurkaksje fan de supporters bûten de klup om organisearre is. Wurdfierder Alle Jent van der Meulen: "Elke foarm fan geweldpleging fine wy ferskriklik. Dat is dúdlik. Wy hoopje dat it gau goed mei him giet. De fjoerwurkaksje is bûten de klup om organisearre. It ûndersyk leit by de plysje, dat is fierder net oan ús."

Op de fraach oft de klup mei it slachtoffer yn kontakt wol, seit Van der Meulen: "Hy is fansels fan herte wolkom om syn ferhaal te dwaan, lykas elkenien dat is, mar wy ha fierder gjin melding krigen. We ha alle ôfdielingen by del west en gjinien hat by ús in melding fan him krigen."

"Ik wil graag gehoord worden"

Ta beslút wol it slachtoffer noch wat kwyt. "Laat het wel duidelijk zijn. Ik wil niet zielig zijn. Ik wil graag gehoord worden. Ik zie in de media dat het een trend aan het worden is dat het geweld toeneemt. Ik wil graag duidelijk maken wat dit met mij doet. Ik heb dit geweld in Heerenveen nog nooit eerder gezien." En rjochting de dieders: "Ik vraag me af of je, als je dit doet, met zes man op iemand inschoppen, capabel genoeg bent om te beseffen wat dit met iemand doet. Ik wil graag tijdens mijn slachtofferverklaring uitleggen wat dit met mij doet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)