World Matchplay einiget foar Danny Noppert yn twadde ronde

23 jul 2020 - 00:03

Danny Noppert is der woansdeitejûn net yn slagge troch te gean nei de kwartfinales fan de World Matchplay. De Jouster darter helle net syn nivo fan earder dizze wike en ferlear mei 11-7 fan twafâldich wrâldkampioen Adrian Lewis.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste sesje fan de wedstriid giene alle legs mei de darts mei. Noppert hie wol twa goede finishes nedich fan 89 en 72, mar dêrmei pakte hy de 3-2 foarsprong. Nei it skoft kaam Lewis op likense hichte, en bruts Noppert fia dûbel fjirtjin.

Begjin lykop

De Ingelskman like út te rinnen, mar miste hiel wat darts om dat te dwaan. De Jouster profitearre en pakte dêrnei mei in finish fan 107 opnij de foarsprong: 5-4. Lewis hold syn eigen leg en makke lyk foar it lêste skoft.

Noppert seach dêrnei dat Lewis 120 útsmiet en syn leg bruts, mar efkes dernei wie de Fries werom. Fan 6-6 ôf rûn de twafâldich wrâldkampioen lykwols hurd út. Dy pakte ynienen fjouwer legs op rige. Noppert makke der noch 10-7 fan, mar doe smiet de Ingelskman de wedstriid út.

Ofrûne moandei wûn Noppert noch fan Gerwyn Price, de nûmer trije fan de wrâld. De World Matchplay sit der no lykwols op foar de Jouster.

De World Matchplay wurdt dit jier net yn it gebrûklike Blackpool hâlden, mar yn Milton Keynes krekt boppen Londen. Dat is fanwegen it coronafirus. By dizze edysje fan it telefyzjetoernoai mei gjin publyk oanwêzich wêze yn 'e seal. Alle darters moasten foarôfgeand oan it toernoai in coronatest ûndergean.

(advertinsje)
(advertinsje)