Lara van Ruijven makket foar de lêste kear in rûntsje troch Thialf

As earbetoan oan Lara van Ruijven is woansdeitejûn in earehage makke en hat Van Ruijven yn in rou-auto foar de lêste kear in rûntsje makke troch it Thialf-stadion. Van Ruijven ferstoar op 10 july yn Frankryk oan de gefolgen fan in akute auto-ymmúnsykte. De shorttrackster is 27 jier wurden.
Ynternetrepo Lara van Ruijven foar de lêste in rûntsje troch Thialf
Bûten it iisstadion waard in earehage makke. Om efkes nei acht oere kaam de rou-auto oan en waard se ûnder applaus it stadion yn riden. Kollega-shorttrackers en famylje bleaunen binnen en namen ôfskied fan Van Ruijven.
De shorttrackster wenne de lêste tsien jier op It Hearrenfean. Van Ruijven kaam út Naaldwijk en ferhuze op har santjinde nei It Hearrenfean. Yn 2019 waard se wrâldkampioen op de 500 meter yn Sofia.
Der kamen nei skatting tusken de 800 en 1000 minsken nei it ôfskied fan Lara van Ruijven.