Sytse Bokma pakt twadde topklasse-oerwinning yn Drylts

Sytse Bokma hat woansdeitejûn yn Drylts syn twadde topklasse-oerwinning pakt mei in sprong fan 20.05 meter. Freark Kramer waard twadde mei 19.83 meter en it tredde plak wie foar Jan Teade Nauta, dy't in thúswedstriid ljepte, mei in ôfstân fan 19.49 meter.
Sytse Bokma yn aksje © Martin de Jong
By de junioaren wie Wietse Nauta fierwei de sterkste mei in sprong fan 18.10 meter. Op paste ôfstân folgen Minne Smit (16.90) en Rutger Haanstra (16.57).
De ferskillen wiene minder grut by de froulju. It earste plak wie dêr foar Marrit van der Wal (14.67), twadde waard Sigrid Bokma (14.08) en tredde Femke Rispens (13.71).
Marrit van der Wal yn aksje © Martin de Jong
Germ Terpstra wûn by de jonges. Hy ljepte 16.45 meter (PR) en einige dêrmei foar Wytse Steensma (15.87) en Douwe Abma (14.38).
Hanneke Westert sprong mei 13.85 meter it fierst by de famkes. Op it twadde plak einige Inger Haanstra (13.72 en Pytrix Westra waard tredde (13.27).