Hurdfytser swierferwune nei botsing mei trekker by Lippenhuzen

In hurdfytser is woansdei oan 'e ein fan de middei swierferwûne rekke op in fytspaad neist de Sweachsterwei by Lippenhuzen. De man op de fyts kaam troch ûnbekende oarsaak hurd yn botsing mei in trekker. De trekker wie ûnderweis mei in pakjeparse nei in stik greidlân.
© De Vries Media
De ambulânse en de plysje kamen nei it plak fan it ûngelok ta en ha de hurdfytser behannele. De man is dêrnei mei haast oerbrocht nei it sikehûs. Ferkearseksperts fan de plysje binne te plak kaam en ha in ûndersyk ynsteld nei de tadracht fan it ûngelok.