Operaasje Fryske Flagge: Mark Heida wennet op Kurasao

Fan alle lannen op ierde is der fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens sûnt sneon harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Mark Heida dy't op Kurasao wennet.
© Mark Heida
Heida komt oarspronklik fan Aldskoat, mar wennet no mei-inoar sa'n twa jier op Kurasao. Hy neamt himsels yntusken in Fryske Antilliaan en hâldt noch altyd fan syn Fryske roots. Heida: "Absolút, dat giet ek net mear fuort."
Heida wurket by in resort op it eilân en komt dêr in soad Friezen tsjin. "Der sitte altyd wol Friezen oan de bar. Der komme hjir allinnich mar Friezen, in hiel soad. Dat hie ik ek net tocht, mar goed."
It coronafirus hat ek op Kurasao taslein. Heida is yn dy perioade nei Nederlân kaam, mar is no sûnt trije wiken werom op it Antilliaanske eilân. Hy is bliid dat it toerisme wer tanimt. "We krije hieltyd mear boekingen en folgjende wike sitte we al wer aardich fol. Dus it giet hieltyd better."
Fries om utens Mark Heida wennet op Kurasao
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op woansdei yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.