Lanlike aksjedei boeren: Sieta van Keimpema ropt op ta 'burgerlijke ongehoorzaamheid'

22 jul 2020 - 18:54

Gjin trekkers dizze kear, mar gewoane auto's. Sa kamen sa'n 2.000 aksjefierende boeren woansdeitemiddei byinoar om te protestearjen. Se demonstrearren by de dyk tusken De Bilt en Utrecht tsjin de stikstofmaatregels. Under harren ek in grut tal Friezen. Sieta van Keimpema rôp op de demonstraasje fan Farmers Defence Force op ta 'burgerlijke ongehoorzaamheid'.

It FDF advisearret de boeren om de nije feefoerregel fan minister Schouten de kommende hjerst net út te fieren, omdat it tatsjinjen fan aaiwytearm krachtfoer in risiko is foar de sûnens fan it fee. Farmers Defence Force besiket yn tuskentiid om it nije feefoerfoarskrift juridysk oan te fjochtsjen.

De demonstraasje fan Farmers Defence Force by De Bilt ferrûn sûnder grutte problemen. Der kamen mear as 2.000 boeren op de demonstraasje ôf. Dy kamen net op de trekker, mar mei lúkse auto's, omdat foarsitter Peter den Oudsten fan de Veiligheidsregio tiisdei demonstraasjes mei lânbouweinen ferbea. It demonstraasjeterrein tusken Utrecht en De Bilt wie oan it begjin fan de middei fol en waard doe troch de gemeente De Bilt ôfsletten foar nijkommers.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Op de aksjedei waard dúdlik dat it ferset tsjin de foermaatregel fan minister Schouten hieltiid breder wurdt. Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik (CDA) die in oprop oan it kabinet om de maatregel yn alle gefallen foar dit kalinderjier yn te lûken. Yn tuskentiid soe de polityk yn oerlis gean kinne mei de sektor oer in alternatyf plan, dat wol op foldwaande draachflak by de boeren rekkenje kin. It foerbeslút dat no foarleit is neffens Schreijer boppedat yn striid mei Europeeske regels op it mêd fan bistewolwêzen.

In oare opfallende sprekker op de demonstraasje wie foarsitter André Arfman fan it NAJK, in organisaasje fan jonge boeren. It NAJK wurket ornaris neffens it poldermodel troch lobbyen en oerlis, mar hat no besletten om net mear fierder te praten mei minister Schouten út argewaasje oer har foerbeslút. "De meeste van onze leden hebben op de hogere landbouwschool of zelfs in Wageningen alles geleerd over de verantwoorde voeding van de koe. Ze weten er veel meer vanaf dan de ambtenaren op het ministerie. Om nu regels te volgen, waarvan we weten dat het niet goed is voor de gezondheid van de dieren, is voor ons een brug te ver."

Der wie in soad plysje by de demonstraasje oanwêzich. Dy pakten yn 'e rin fan 'e middei fiif anty-coronaregeldemonstranten út de stêd Utrecht op, omdat dy de demonstraasje fersteurden. Foar de demonstrearjende boeren wie it lestich om de ferplichte oardel meter ôfstân te bewarjen, mar nei in driuwende oprop fan de gemeente en de organisaasje om wat fierder útinoar te stean, waard it al besocht.

Van Keimpema wie nei ôfrin tefreden oer it ferrin fan de demonstraasje.

Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik oer de foermaatregel fan Schouten

Foarsitter André Arfman fan it NAJK

(advertinsje)
(advertinsje)