FIDEO: "Ik flok se twa oeren lang op it plak dêr't ik se hawwe wol"

22 jul 2020 - 18:00

It Skûtsjesjoernaal wie woansdeitejûn it terrein fan de skipper fan Ljouwert, Willem Zwaga, en âld-skipper Joop Mink. Neist de ferhalen út it ferline fan Mink, moast Zwaga bekenne dat hy noch wolris tekear giet tsjin syn bemanning. Mar neffens him komt it nei it silen altyd wol wer goed.

Yn de útstjoering fierder in reportaazje oer in kritike perioade yn it bestean fan de SKS yn 1953, doe't der mar trije skûtsjes ynskreaun wiene foar it kampioenskip. Tekenaar Gerco van Beek bringt yn de oade syn fisy op dizze simmer sûnder skûtsjesilen.

Sjoch hjir de útstjoering fan It Skûtsjesjoernaal werom:

(advertinsje)
(advertinsje)