Fryske boeren as earste yn Bilthoven: soad tafersjoch by protest

22 jul 2020 - 12:54

De Fryske boeren wiene mei dy út de Noordoostpolder as earste yn Bilthoven foar de protestdei. De ploech kaam net mei trekkers, sa't earst de bedoeling wie, mar mei auto's. Mar om't wol de reisplanning oanholden waard, wiene de boeren der op 'e tiid. De ferwachting is dat it maksimale oantal fan 2.000 demonstranten yn de rin fan de dei wol helle wurdt.

Fryske boeren binne as earste yn Bilthoven - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Op it protestterrein stiet in poadium mei in grut skerm. Foar it poadium steane stippen op de grûn, sa't demonstranten genôch ôfstân hâlde kinne. Der is in soad tafersjoch: plysje, hanthavening, definsje en maresjaussee. By it gebou fan it RIVM kinne de demonstranten net komme, dat de boeren sels it 'Rijksinstituut voor Volksverlakkerij en Manipulatie' neame.

Veiligheidsregio: hâld ôfstân

De Veiligheidsregio Utrecht wiist de boeren der op dat sy genôch ôfstân fan inoar hâlde moatte mei it demonstrearjen. "we zagen dat mensen bij het uitstappen uit de auto naar elkaar toe kwamen, en dat gebeurde ook toen mensen met elkaar naar het terrein liepen. In het hele land zien we dat mensen steeds minder afstand houden," sei in wurdfierder fan de Veiligheidsregio. Ek de sprekker op it poadium hat de demonstranten oproppen om útinoar te gean.

Boargemaster Sjoerd Potters fan gemeente De Bildt hat oanjûn dat it maksimale oantal fan 2.000 man yntusken helle is en freget minsken dy't gjin boeren binne om ek net nei de demonstraasje te gean.

Der binne ek net allinne boeren, mar ek minsken dy't it goed foar hawwe mei de boeren. Sa ek Rob Bok, dy't al tsien jier yn Fryslân wennet. "Ik ben van Friesland Actieteam #DeBuren. Ik ben geen boer, maar sympathisant. Ik ben hier uit solidariteit. We blijven de boeren steunen. We hebben ze nodig en ze mogen niet verdwijnen uit Nederland. Men wil de stikstofregels van tafel hebben, het is slecht voor de dieren en de productie gaat omlaag. Daar zijn we tegen. We zijn wat eerder dan verwacht, omdat we aanvankelijk met tractoren zouden komen. Daarom zijn de Friezen er samen met de Noordoostpolder het eerste."

Ferslachjouwer Onno Falkena yn Bilthoven

Fryske boeren binne as earste yn Bilthoven - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Trefwurden: 
boeren stikstof boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)