GGD Fryslân hat noed oer ferdûbeling coronasifers: drokte by testlokaasjes

It tal minsken dat graach in ôfspraak meitsje wol nimt lanlik ta, ek yn Fryslân. Dêrom moatte der hieltyd mear minsken efkes wachtsje op in test. "Wy hawwe in grutte kapasiteit op de trije lokaasjes, wy kinne sa'n 10.000 minsken yn de wike oan. Mar der moatte wol minsken ynpland wurde om de testen ôf te nimmen en dat slagget net altyd. Dus it kin wêze dat krekt in dei folle minsken nei in lokaasje wolle, en dat je dan earne oars hinne moatte," seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.
Noed oer ferdubeling coronasifers
Der wurdt wol nei in oplossing socht. "Wy sette wol by, want it makket ús ûngerest dat de sifers lanlik ferdûbelje. No is it ek fakânsje, wy witte ek net hoefolle minsken yn Kroasië of yn oare lannen binne. Je moate der goed op lette. Mar dy ferdûbeling dêr moatte je wol ûngerêst foar wêze. Ik wie sels nei in jierdei mar ik wie suver de iennige dy't noch ôfstân hold. Ik bin mar fuortgien doe't it te drok waard. As wy net oplette komt de situaasje fan it foarjier werom."
GGD testlokaasje Brandemeer yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dat testen bliuwt wichtich, seit De Graaf. "Wy wolle der alles oan dwaan om it sa rap mooglik te dwaan. Dan kinne minsken ek flugger efterhelle wurde. Dus ik doch ek in oprop: as jo wat fiele, lit jo dan sa gau as mooglik teste." Dochs freget sy ek om begryp. "Us minsken binne ek wurch fan de ôfrûne tiid. Dus wy sykje wizen om sa rap as mooglik te wêzen, mar ek net ús minsken stikken te wurkjen."

Kroasië

Tiisdei waard bekend dat it reisadvys nei Kroasië oanskerpe wurdt fan koade giel nei oranje. It lân freget minsken allinne needsaaklike reizen te meitsjen en Nederlanners krije it advys om nei in besite oan it lân yn karantêne te gean. "Wy hawwe dêr noch net ien fraach oer hân, mar it advys is wol oan Friezen út Kroasië om dochs thús 14 dagen yn karantêne te gean. Dus bliuw thús, efkes gjin besite, boadskippen dwaan litte."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân