"Us heit hat yn 1953 de SKS rêden fan de ûndergong"

Yn 1953 giet it net goed mei de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS). Foar it kampioenskip hawwe mar trije skippers harren ynskreaun. Op in jierdeifeestje, en neffens tsjûgen 'nei in pear buorrels' krije guon Sytze Brouwer sa gek om syn skûtsje yn twa dagen klear te meitsjen om mei te dwaan. "Us heit hat der dêrmei foar soarge dat de SKS yn 1953 rêden is," sa seit syn soan Pieter Brouwer no.
FIDEO: Histoarysk item 1953 en partikulier skûtsje
De SKS wie dúdlik yn 1953. Trije skippers dy't meisile, dat binne der te min. Dat moatte der op syn minst fjouwer wêze. Pieter Brouwer, sels trije kear kampioen yn de SKS, wit ek fan it ferhaal. Syn heit, Sytze Brouwer, waard troch in pear oare skippers oansprutsen op in famyljefeestje. "Eins hie de SKS it kampioenskip al ôfsein. Us heit krigen se doe safier, mei in slokje op fansels, dat hy tongersdei meidwaan soe. It wie doe tiisdei, twa dagen foar de start." Brouwer kaam oan de start mei syn skûtsje Lotus. "Dat skûtsje wie hielendal keal. Der siet neat op, sels gjin swurd mear."
Yn de jierren dêrnei gie it tal dielnimmers wer omheech. Dat kaam benammen om't der hieltyd mear stichtingen wiene, dy't in skûtsje kochten en dêrmei oan de wedstriden meidiene. De kommisjes fan Earnewâld en Drachten wiene der yn dy begjintiid bygelyks by.

'Wy blieve eigen baas'

Tsjintwurdich binne hast alle skûtsjes dy't meidogge yn de SKS yn hannen fan in stichting. Pieter Meeter, skipper op it iennige partikuliere skûtsje yn de SKS-float dy't útkomt foar Akkrum, begrypt dat wol. "Een stichting in het leven roepen is een hele goede zet. Het kost allemaal veel geld, dat is voor één persoon niet te betalen. Ook wij hebben bij de Meeters een stichting, alleen bij ons is dat een sponsorstichting. Wy binne Meeters, wy blieve eigenwiis, wy blieve eigen baas."
Dat it skûtsje fan Meeter partikulier is, komt troch pake Siete Meeter. Dy wie yn de jierren '60 skipper foar Ljouwert, mar dy kommisje woe in oare skipper. "Toen heeft pake gezegd, ik zeil nooit weer voor een stad of commissie. Ik ben voortaan eigen baas. En zo is het gegaan."
Yn de SKS komme der al jierren 14 skûtsjes oan de start. Dat dat noch kin, komt miskien wol troch Sytze Brouwer. "Us heit stie net foaroan yn syn libben. Dat hie hy wolris wat mear dwaan mochten yn syn tiid," sa tinkt soan Pieter.
It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Woansdei binne Willem Zwaga, skipper fan it skûtsje fan Ljouwert, en âld-skipper Joop Mink te gast.
Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Ek is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids. Fierders bringe ferskate keunstners in oade oan har gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.