Top en Twel roppe op om stadiger troch de doarpen te riden

Ynwenners fan Toppenhuzen en Twellingea binne yn 'e mande mei aksjegroep Iedereen 30 úteinset mei in kampanje om de ferkearsfeiligens yn de streek te befoardjen. Yn Top en Twel mei mar 30 kilometer it oere riden wurde, mar lang net eltsenien hâldt him dêr oan.
De Eastwei © Google Street View
Op de Eastwei binne tiisdei mei sjablonen teksten op de dyk spuite as '30 km, dank u'. Dat is ticht by swimpoel De Gravinnepoel, dêr't yn de simmer in soad minsken op besite komme.