Fjouwer jier sel easke foar oplichter dy't him as pakketbesoarger foardie

It Iepenbier Ministearje hat fjouwer jier sel easke tsjin in 20-jierrige man út Koog aan de Zaan foar de oplichting fan âlderein. De man die him foar as pakketbesoarger en makke sa tsientallen slachtoffers yn ûnder oare Dokkum, Harns en op De Lemmer.
© Shutterstock.com (fizkes)
De oplichting barde hieltyd op deselde wize: âlderein waarden belle mei it berjocht dat der in pakketsje klear lei, as dat dan besoarge waard moasten de minsken in euro pinne. Op dizze wize krige de dieder de pinkoade fan de slachtoffers. Under it pinnen ferwiksele de man de pinpas fan de minsken foar dy fan in earder slachtoffer. It âldste slachtoffer fan de man en syn kompanen wie in 98-jierrige man út Dokkum.