Aksje foar jongereinoplieding SC Hearrenfean smyt 50.000 euro op

De crowdfundaksje Mei Inoar foar de jongereinoplieiding fan SC Hearrenfean hat hast 50.000 euro opsmiten. Dat is mar in fjirde part fan it beëage doel: 200.000 euro. Goed 700 supporters hawwe jild oan de aksje jûn. Nettsjinsteande dat it doel net helle is, hat de klup út sympaty wol besletten de nammen fan de donateurs op de shirts te setten by de earste thúswedstriid fan it seizoen 2020-2021.
Oeds-Willem Miedema en Henk Hunneman © Mei Inoar
De aksje wurdt noch wol ferlinge oant 31 augustus, sa't der noch mear minsken meidwaan kinne. It idee komt by Oeds-Willem Miedema en Henk Hunneman wei. "Het is fantastisch dat we dit samen hebben bereikt," seit Miedema.