Liveblog | 22 july 2020

Simmerblog: Simmer yn Burdaard

It is simmer yn Fryslân! Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in toer fan acht wiken troch ús provinsje.
Lêst bywurke: 22 july 2020, 18:01
woansdei 22 july 2020
18:00

Simmer yn Burdaard

18:00

Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Tongersdei is Simmer yn Fryslân der wer. Dan binne wy yn Wommels. Oant moarn!
17:20

Russyske opera

It grutte multyfunksjonele gebou yn Burdaard lûkt net allinnich ynwenners fan it doarp oan, mar ek út de fiere omkriten oant yn Grinslân en Drinte ta wei. Yn it gebou is in sels teaterseal en in swimbad, dêr't benammen bern les krije. Fierders is der ek in fitnessseal en in biblioteek. Hûndert frijwilligers soargje derfoar dat alles goed giet yn it mfs.
En al binne it ûnwisse tiden mei de corona, it programmaboekje foar nei de simmer en begjin takom jier is al wer klear. Under oare in Russyske opera komt nei Burdaard.
Ruurd Jan Torensma fan de aktiviteitekommisje
Ruurd Jan Torensma yn de hal fan it mfs yn Burdaard © Omrop Fryslân, Willem de Vries
16:15

Burdaard hat eigen bierke

Burdaarder Blond is ûntwikkele troch in offisjele bierkarmaster út it doarp. In brouwerij yn Aldtsjerk soarget foar de produksje fan it bier. Op it etiket stiet in skilderij fan Ruurd Wiersma. De opbringst fan de ferkeap fan it Burdaarder bier giet nei aktiviteiten yn it multyfunksjoneel sintrum yn it doarp.
Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Minne Jansma en Edwin Boonstra oer it Burdaarder bierke
Edwin en Minne mei it Burdaarder Blond-bierke © Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:10

Hobbymuseum DAF kin wol nij âld guod brûke

Auke Spieksma is DAF-gek. Hy hat goed 45 jier frachtweinsjauffeur west en runt no foar de leafhawwerij 'in museumke'. Dêr is njonken in kolleksje miniatuer-DAF-trucks ek oar âld guod te sjen út de jierren '50, '60 en '70. Syn soan Jan -'de brommerman' - soarget foar de motorisearre twatsjillers yn it hobbymuseum. Heit en soan binne net benaud foar smoarge hannen, Wol gauris besykje se mei reparaasjes it guod te meitsjen of te ferbetterjen.
Wêr't de leafde weikomt? Auke: "Us heit hie foarhinne twa frachtauto's foar it ferfier fan griente en fruit. Mei de iene gie er nei de feilings en mei de oare sutele er it guod út by grientemanlju yn de omkriten del." It DAF-hobbymuseum yn Burdaard is bliid mei nije ynbring.
Auke Spieksma neamt it mei klam 'in museumke'
Auke Spieksma © Omrop Fryslân. Willem de Vries
13:40

Feestje

"Us mem mei graach naaie". Mei dêrom hat Wilma no tegearre mei har mem Hannie in loads fan 300 kante meter yn Burdaard mei dêryn in kleanferhier en in winkel yn feestartikels. Foar de namme fan de saak hawwe se de eigen nammen gearfoege: Wille fan Wilma en Ha fan Hannie. It betsjut yn it Frysk ek nochris 'plezier hawwe'. De klean helje se út België en wat net te krijen is, meitsje se sels.
Wilma Drost fan Wille Ha
© Omrop Fryslân, Willem de Vries