Bart Helmholt ek de sterkste by fierljeppen yn Drylts

22 jul 2020 - 09:34

Nei de winst yn Burgum hat Bart Helmholt (37) ek de twadde fierljepwedstriid fan it nije seizoen wûn. De ljeppende plysjeman, dy't nei fjouwer jier in comeback makket, wie mei 19.58 meter fierwei de sterkste yn Drylts. Yn de twadde klasse waard Age Hulder twadde mei 17.63 meter, en Oane Galama eindige mei 16.60 meter op it tredde plak.

Ljeppers dy't ferline jier of noch langer net yn aksje west hawwe fanwege blessueren of oare redenen, begjinne it nije seizoen yn de twadde klasse. Op basis fan it klassemint kinne se nei de earste fiif wedstriden promovearje nei de earste klasse. Bart Helmholt naam yn 2016 ôfskie fan it ljeppen, mar hy wol dit jier noch ien kear alles út de kast helje om syn grutte dream wier te meitsjen: oer de 22 meter springe.

Comebacks

Dit seizoen binne der mear 'herintreders.' Oane Galama kaam werom út Nij-Seelân en giet ek op jacht nei de 22-meter grins. De twafâldich Frysk- en Nederlânsk kampioen is lykwols noch op syk nei it goeie gefoel. Yn Drylts waard Galama tredde mei foar syn dwaan in matige ôfstân fan 16.60 meter.

It Nederlânsk rekôr is yn hannen fan Jaco de Groot út Kamerik. De ljepper fan Utrecht ljepte trije jier lyn yn Zegveld as iennige oer de 22 meter: 22.21 meter. De Groot siet as taskôger yn it publyk, en is bliid dat Helmholt en Galama it ljeppen wer oppakke. Hy sjocht út nei de striid op it NK yn Burgum op 19 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)