Kollum: "Tuskenyn"

22 jul 2020 - 08:49

"In frjemd gefoel. It is ommers skûtsjesilerstiid. Gewoanwei hiene wy no de prikkemikken hân. Grou, De Feanhoop en Earnewâld. As je dêr in soad punten hiene, dan hopen je dat it op it rommere wetter by Terherne ynienen wer goed gean soe. En as je dêr goed weikaam wiene, dan hopen je dat je net inkeld goed wienen yn fan wâl nei wâl sile.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Wy binne der mei it Wâldseiner skûtsje wolris weikaam mei 38 punten. Mar ek wolris mei 5,9. Dat wie wol unyk, doe waarden wy dan ek mei net mear as 18 punten kampioen. Yn '91 wie dat. 35 jier lyn, yn 1985, hiene wy nei 3 dagen 9.9. De rest hie allegear wat oan de bealch, inkeld Lodewijk Meeter en Joop Mink wiene noch wat yn de buert. Wat soe it yn Terherne wurde. Doe waarden wy achtste, dêr wiene wy bliid mei, want sa betiid favoryt sylt dreech. Likegoed binne wy wol kampioen wurden.

Jimme hearre it, foar immen dy't yn syn libben net in dei skûtsjesilen mist hat, docht it echt sear. En ik kin wol nei Terherne gean, mar yn it doarpshûs De Buorkerij sit aanst gjin minsk, der is gjin rûtebesprekking, der wurdt net syld. De fjirde rotdei.

Hoe sear as it ek docht, sneon twivele ik efkes. Sy diene yn Grou krekt as begûn it wol. Seis skûtsjes op de mar. En hee, dêr fart kommissaris Brok op it Steatejacht. Hy wiuwt nei SKS-bestjoerders, dy't alhiel offisjeel klaaid yn it boatsje fan sponsor Rabobank sitte. Op de terrassen yn Grou spilet muzyk en al sit der dan net sa'n soad as oars, der sit wol tefolle. Te begripen, mar dit wie wol hiel bot yn it sicht. Ek fan de Veiligheidsregio, dy't daalks twa kafees, de Treemter en Amicaal, sletten hat.

De fierljeppers giene ek wer los, de keatsers binne al in pear wike yn de greide. Krekt as is der neat mear oan de hân. En ach, dy oardel meter dat falt wol wat ta, net? De Hearrenfeanfans dy't sneintejûn fakkels yn de brân stutsen by it stadion om't se sa oandien wiene dat de klup 100 jier bestie, wisten absolút net wat oardel meter is.

Net inkeld sport, hear. As je hjir yn doarp en stêd komme, is it krekt as binne hiel Nederlân, België en Dútslan hjir delstrutsen. Foar de musea steane lange rigen minsken, want binnen binne se noch hiel feiligensregionaal opinoar, al hawwe se dêr wol oanstriid om mear minsken ta te littten. Wy Friezen litte toch net minsken op de stoepe stean, ach kom mar.

De iene hoarekasaak is strikter as de oare. Litte wy mar sizze dat ik de ôfrûne dagen net sjen koe dat der wat feroare is yn Fryslân mei de corona. Avine Fokkens stiet op de kamping fan Aldegea, no dy sit sa fol, se doart Buma net mear ûnder eagen te kommen. Koartsein: wy fertsjinje wer jild. En it wurdt wer gesellich. En wy kinne ús tradisjonele sporten wer beoefenje, en dat moat ek, want dy binne ommers tradisjoneel.

Te begripen. Mar der binne ek noch genôch lju dy't noch net meidogge, mar tige foarsichtich op fiif meter ôfstân fan inoar stean bliuwe. Want yn de krante stie ferline wike dat der ynienen toch wer 127 nije coronameldingen bykaam binne. Sadat it wyktotaal op hast 1.000 kaam. En 100 lju mei corona, dy besmette 129 lju. Wol allegearre yn it suden, mar it is boufak, dy stean njonken Avine op de kamping. Der binne wol lûden dat der in medisyn fûn is, mar dat duorret noch wol efkes foardat ús apteker dat hat.

Ik sit der wat tuskenyn. Eins wol ik wol foarsichtich wêze, harsenynfarkt hân, myn longen binne net perfekt en ik wurd dizze wike 70. Risikojonkje. Mar ik haw twa wike lyn in frou, dêr't man fan ferstoarn wie, efkes om de hals hongen. En in pilske opsopen yn in kafee sûnder dat de ober en ik de hannen ûntsmet hie.

Ik bedoel inkeld mar te sizzen, as it aanst dochs wer misgean soe en in coronaweach komt oer de Waaddyk ek it Fryske lân yn, dan moatte wy net op in oar eamelje. Dan binne wy sels ek tige skuldich."

Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
(advertinsje)
(advertinsje)