55+ PC yn Balk ferwachtet gjin problemen troch it coronafirus

Ferline jier siet de hjitteweach de keatsers fan de 55+ PC yn Balk dwers, dit jier drige it evenemint fan Keatsferieing Cannegieter net troch te gean fanwegen it coronafirus. Mar aldergeloks kaam der krekt op tiid tastimming om te keatsen.
55+-PC yn Balk
Foarsitter René Anema is moarns al betiid dwaande mei de kofje foar de frijwilligers. "Wy sille om 10.00 oere los," jout er oan. Problemen fanwegen it coronafirus ferwachtet Anema net. "Wy hawwe efkes byinoar sitten en sjoen nei it tal besikers fan de ôfrûne jierren helje wy de 250 eins noait. Wy hawwe kontakt hân mei de gemeente, dy sizze it is jimme ferantwurdlikens. Wy hawwe in protokol opsteld en opstjoerd nei de gemeente. Mei rinrûten, spatskermen, desynfeksjegel en in terras mei 1,5 meter ôfstân. De gewoane maatregels. Bûten it fjild hâlde wy ús oan de coronamaatregels, binnen de linen mei wol in soad."

Dielnimmers

Ek it tal dielnimmers smyt gjin problemen op. "Der binne net minder dielnimmers, dat falt ta. Dit jier binne sa'n 75 oanmeldingen, lykas ferline jier. Der is in grutte opkomst foar de A-klasse mei 40 keatsers, yn de B-klasse binne der 24 en de C-klasse mar 8. De winner sil om 17.00 oere hinne bekend wêze. Eltsenien keatst trije kear en dan wurdt der yndividueel sjoen nei it tal punten."
K.V. Cannegieter © K.V. Cannegieter
Foarsitter René Anema fan keatsferiening Cannegieter