Opnij protestdei fan Farmers Defence Force: wat dogge de boeren woansdei?

22 jul 2020 - 09:00

It is wer in protestdei fan boeren. Aksjegroep Farmers Defence Force hat foar woansdei in demonstraasje oankundige om 13.30 by it RIVM yn Bilthoven tsjin it stikstofbelied fan de oerheid. In wichtich punt dêryn binne de plannen om de hoemannichte aaiwyt yn it feefoer omleech te bringen. Dat is ien fan de maatregels fan minister Carola Schouten fan Lânbou dy't de útstjit fan stikstof ferminderje moat.

Update 9.30 oere: de groep boeren is no by Eemnes en rydt sa'n 20-30 kilometer de oere. De kolonne is ûnder begelieding fan de plysje ûnderweis.

Update 8.15 oere: Fryske boeren ride op dit stuit yn kolonne oer de A6 yn 'e rjochting fan de Ketelbrug. Sy soargje foar ophâld op de dyk, der stiet op dit stuit in file.

Update 7.00 oere: de earste Fryske boeren binne sammele yn Bant. Op dit stuit is it noch mar in hânfol, mar der binne kolonnen ûnderweis fan Twizel, Ryptsjerk, It Hearrenfean en Wolvegea. Nei alle gedachten sille boeren mei harren auto's oer de sneldyk nei it suden, mar wol yn trekkertempo. Hiel stadichoan dus. Dit kin dus mooglik lêst foar it ferkear opsmite.

De boeren passearje Eemnes - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De boeren binne wolkom op de Biltse Rading, in lokaasje dy't op trije kilometer fan it RIVM-gebou ôf leit. Dêr kinne maksimaal 2.000 persoanen feilich demonstrearje neffens de Veiligheidsregio. Moarns betiid sammelje Fryske boeren harren op ferskate plakken, ûnder oare op It Hearrenfean, De Jouwer en yn Boalsert. Der wurdt nei Bant riden om dêrnei mei oare boeren út it noarden nei Bilthoven te riden. Om 13.30 moat de demonstraasje úteinsette.

Sammelje yn Bant

Der binne auto's yn Bant sammele mei in boartersguodtrekker op it dak. "We zijn wél met de tractor," laket Mick Tinga fan Farmers Defence Force. "Je moet soms wat als ze vanuit Den Haag zo corrupt omgaan met onze boeren. Het water staat bij iedereen tot de lippen. Het moet ophouden. We gaan zo rijden, al gaan er nog meer op andere tijdstippen rijden. Ik denk dat Bilthoven nog nooit zoveel mensen gezien heeft. We zien vanzelf hoeveel er komen. Mijn gevoel is positief."

Mick Tinga fan Farmers Defence Force

'Net oer sneldyk'

Veiligheidsregio Fryslân hat ôfspraken mei boeren makke. Jan Rijpstra sei as plakferfangend foarsitter: "We hebben goed contact met vertegenwoordigers in onze provincie. Daarmee hebben we ook afgesproken: op de snelweg, no way. Dat is niet wat we doen. De veiligheid en de volksgezondheid staan voorop voor ons." Rijpstra joech ek oan dat der in draaiboek klear leit en dat de boeren goed yn de gaten hâlden wurde.

Trekkerferbod

Yn neifolging fan Veiligheidsregio Utrecht hawwe ek Grinslân, Flevolân en de Gooi- en Vechtstreek besletten dat in demonstraasje mei trekkers en oare lânbouweinen net mei. Dêrom hat Farmers Defence Force oproppen om mei de auto nei Bilthoven te kommen. Dochs hat foaroanman Mark den Oever ek oanjûn dat er boeren net ûngelyk jaan kin as sy dochs foar de trekker kieze. Moandei is it leger ynset om by it RIVM blokkaden del te lizzen, want der wurde wol demonstranten ferwachte. Der lizze betonblokken, der steane stekken en der ride plysjeauto's om.

Mooglik soe der ek by Lelystad Airport in demonstraasje komme fan Farmers Defence Force. Dat is ek de reden dat Veiligheidsregio Flevoland it beslút nommen hat dat trekkers net brûkt wurde meie foar de demonstraasje fan woansdei. It ferbod yn de Gooi- en Vechtstreek is om't dêr it Mediapark sit, ek in mooglik doelwit fan de aksjes. En Grinslân hat it ferbod ynsteld om't protestdagen earder laat hawwe ta gefaarlike situaasjes op de dyk.

Ferslachjouwer Onno Falkena by de kolonne boeren

(advertinsje)
(advertinsje)