Crowdfundaksje om kafee Max yn Starum te behâlden

It is in begryp yn Starum dat no driget te ferdwinen: kafee Max. Eigener Max Fabery de Jonge giet mei pensjoen mar in opfolger is der noch net. De Starumers wolle net dat harren kroech fuort giet en begjinne in crowdfundaksje om sels de kroech oer te nimmen. "Mar dêr is in soad jild foar nedich," seit stamgast Piet Blauw.
Crowdfundaksje om Cafe Max yn Starum te behâlden
De stamkroech fan Blauw hat wol wat feroaring nedich. "Der moatte wol nije oanpassingen oan it kafee barre. Mei in nije eksploitant jilde âlde fergunningen faak net mear. De âlde stroomkasten krije gjin goedkarring, dus der moat ek jild komme om it kafee te ferbetterjen. Wy hoopje op 4.5 ton foar de crowdfundaksje, mar miskien is der ek wol mear nedich. Mar der binne in soad minsken dy't al jild jûn hawwe," seit Blauw.

"Net myn lêste bierke"

Dat freget hiel wat. "It is noait klear samar. Ik wol dat de skilderijen hjir moai hingjen bliuwe. En net dat se fuort moatte om't de grûn beboud wurde moat," jout eigener Max oan. Mar Blauw lit de skouders net hingje. "Wy moatte de kop derfoar hâlde. It klupke dat wy byinoar hawwe bestiet út entûsjaste minsken. Wy moatte der wat goeds fan meitsje. Wy hoopje dat Max en Carla ek tefreden binne aanst. Der komt in nije ekploitant, mar dy moat hjir ek yn it kafee pasje. De muzyk is bygelyks wichtich, want it is in muzykkafee. Mar ik gean der net fanút dat dit myn lêste bierke is."
Piet Blauw en Max de Jonge © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it kafee yn Starum