PvdA Ljouwert hat fragen oer bouplannen tweintich soarchapparteminten oan it Noordvliet

21 jul 2020 - 22:14

De riedsfraksje fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert fynt net dat der tweintich soarchapparteminten foar minsken dy't demint binne boud wurde moatte oan it Noordvliet yn Ljouwert. Lykas wykorganisaasje Vlietvaardig fynt de PvdA dat der op deselde lokaasje better gewoane apparteminten delset wurde kinne.

It Noordvliet - Foto: Google Streetview

Dêrnjonken hat de PvdA betinkingen by it fêstgoedbedriuw Eastea Capital dat de soarchapparteminten ûntwikkelje wol. Dat bedriuw hat earder plannen hân foar soarchwenten yn de Adelaarstsjerke yn de wyk Bilgaard, mar dêr is neat fan terjochte kommen.

De soarchapparteminten foar minsken mei demintens falle yn it bestimmingsplan, stelt de gemeente Ljouwert. De PvdA wol dat de gemeente kontakt opnimt mei de wykorganisaasje Vlietvaardig.

(Advertinsje)
(Advertinsje)