Plysje-agint dy't trappearre waard mei kilo kokaïne ûntslein

In plysje-agint fan it korps Noard-Nederlân is ûntslein fanwegen drugsbesit en it wytwaskjen fan jild. Dat hat de plysje bekendmakke. De man waard op 1 juny oanholden en skoarst. De agint wurke foar it distrikt East-Fryslân yn Drachten.
Drugs © Omrop Fryslân
De man hie in kilo kokaïne by him doe't hy oanholden waard. It die neffens de plysje bliken dat de agint kontakt hie mei kriminelen.
It ûntslach is in dissiplinêre straf, it strafrjochtlik ûndersyk nei de man rint noch. It gedrach fan de agint is neffens de plysje net ferienichber mei de waarden wêr't de organisaasje foar stiet.