Basketballers Aris sette kompetysje útein op 3 oktober, noch gjin datum foar bekerfinale

21 jul 2020 - 20:49

De basketballers fan Aris Ljouwert sette it nije seizoen útein op sneon 3 oktober. Dat is besletten op in ledegearkomste fan de klups út de Dutch Basketball League. Bij de wedstriden binne taskôgers tastien, it oantal is lykwols ôfhinklik fan de lokaasje. Wannear't de bekerfinale spile wurdt, wêryn't Aris it opnimt tsjin Donar Grins, is noch net bekend.

Torben Tonjann fan Aris Ljouwert - Foto: www.orange-pictures.nl

Wol is dúdlik dat de bekerfinale noch yn 2020 spile wurde sil yn MartiniPlaza yn Grins. Op dit stuit wurdt ûndersocht hokker datum it meast geskikt is en hoefolle taskôgers derby oanwêzich wêze kinne. De fans wurde hjiroer nei 1 septimber ynformearre.

It definitive skema fan de kompetysje wurdt ek pas letter bekend makke. Dit hinget ôf fan it tal klups dat in lisinsje krijt. Op dit stuit ha acht klups harren ynskreaun, mar der binne noch fjouwer klups dy't der oer neitinke dat te dwaan. De ynskriuwing slút op 1 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)