Autobestjoerder (56) rydt ûnder ynfloed fan kokaïne fierstente hurd troch Ljouwert

De plysje hat moandei in 56-jierrige autobestjoerder út Hurdegaryp oanholden dy't kokaïne brûkt hie. De man foel op omdat er fierstente hurd troch Ljouwert ried.
© Shutterstock
De man krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan 24 oeren. Op de Anne Vondelingwei ried er 120 kilometer de oere, wylst dêr 70 kilometer de oere tastien is.