Sjoerd Bootsma hâldt op as artistyk direkteur Welcome to the Village

Sjoerd Bootsma hâldt op as artistyk direkteur fan it festival Welcome to the Village. Bootsma wie sûnt de start fan it festival yn de Griene Stjer by Ljouwert belutsen. Hy fynt it no tiid foar in nije generaasje dy't it festival fierder organisearret. Syn opfolger is Eva van Netten. Sy is ek al langer belutsen by Welcome to the Village.
Kertiermakker Sjoerd Bootsma © Omrop Fryslân
Neffens Bootsma is it festival útgroeid ta in doarpsfeest dat makke wurdt mei tûzenen hannen en is it foarútstribjend. Yn 2019 krige it festival de EFFE Award, in Europeeske priis foar festivals. Se krigen de priis foar it feit dat se op in net-konvinsjonele wize nei de maatskippij en takomst sjogge en dat se in mienskip kreëarje dy't divers en ynklusyf is.
Sjoerd Bootsma sit ek yn de organisaasje fan LF2028. Ferline jier kaam dêr druk op te stean omdat hy yn de sjuery sit dy't subsydzjes takent oan kulturele eveneminten. Welcome to the Village krige fanút dy pot 70.000 euro. Bootsma ûntkende dat hy der ynfloed op hie en dat der ôfspraken oer makke wiene hjiroer. Neffens deputearre Sietske Poepjes wie der sprake fan in flater by de provinsje en wie der neat oan de hân.