Hoe sit it no krekt mei feefoer en it boereprotest?

21 jul 2020 - 14:47

Boeren sille woansdei protestearje tsjin in ferbod op aaiwytryk feefoer troch it kabinet. Se binne benaud dat it gefaarlik is foar de sûnens fan de kij. Neffens bistedokter Peter Egberink hawwe se absolút in punt.

In ko - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Boeren sykje altyd in balâns yn it feefoer. Somtiden hat de ko mear aaiwyt nedich, somtiden just minder. It grutste diel fan wat de ko yt, is gewoan gers. En dat is nea krekt itselde, seit Egberink. "Het ruwvoer dat ze op dit moment opnemen, het gras, dat kan ontzettend van samenstelling wisselen. Als de zon schijnt, kunnen er bijvoorbeeld suikers gevormd worden in de plant. Verdwijnt de zon, dan stopt dat proces en gaan er andere processen in de plant plaatsvinden."

Baktearjes

It gewaaks kin dus elk oere feroarje. "En daardoor kunnen voedingsstoffen die in de pens komen ook per uur veranderen qua samenstelling." De pânse is de earste fan fjouwer magen fan in ko. Dêr sitte allegearre baktearjes yn, dy't bepaalde stoffen nedich ha. Om dat yn balâns te hâlden, jout in boer krêftfoer. Somtiden moat dêr mear aaiwyt yn sitte, om't der net genôch aaiwyt yn it gers te finen is.

Untstekkingen

As der minder aaiwyt yn it krêftfoer sitte mei, wat it kabinet no wol, moatte de boeren de kij mear fan dat aaiwytearme krêftfoer jaan om dat op te fangen. Dat betsjut dat se ek minder gers ite kinne, wat wer oare gefolgen foar de sûnens hat. "Wat er kan gebeuren is dat er een kink in de kabel ontstaat in het delicate spel in de pens tussen de bacteriën. In het krachtvoer zit vaak meer suiker, wat de zuurtegraad in de pens in de war schudt. Dan gaan er processen plaatsvinden in de pens waar een koe ziek van kan worden. Er kunnen ontstekingen komen in de penswand. Die ontstekingsstoffen gaan met het bloed door het lichaam en kunnen op allerlei plekken in het lichaam ontstekingen, afwijkingen en ziekteverschijnselen veroorzaken. De klauwen kunnen er last van hebben, maar de uier ook," seit Egberink.

Ek in tydlike maatregel foar fjouwer moannen kin al hiel skealik wêze, ek om't de kij sûn bliuwe moatte om sûne kealtsjes krije te kinnen. Mar in soad boeren binne benaud dat dit nei dy fjouwer moannen in mear strukturele maatregel wurdt. En dat is dus wêrom de boeren woansdei mei allegearre protestaksjes komme.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma en bistedokter Peter Egberink

(advertinsje)
(advertinsje)