"It is de moaiste wedstriid dy't ik ea yn myn libben syld haw"

21 jul 2020 - 14:21

Yn 75 jier SKS hat de ûntknoping fan it kampioenskip nea sa spannend west as yn 2018. De Snitser Mar brûze op de lêste wedstriiddei fan de spanning, mei hast seis skûtsjes dy't yn teory noch kâns makken op it kampioenskip. De úteinlike striid, tusken klassemintsoanfierder It Hearrenfean, mei skipper Sytze Brouwer, en ferdigenjend kampioen Grou, wie in taktysk masterspul fan skipper Douwe Visser fan Grou.

FIDEO: Histoarysk item spannendste finale ea

Sytze Brouwer seach op it wetter fan de Snitser Mar dat Grou in bettere start hie: "Nei de start is der faak al tekening yn de wedstriid. Sy kamen as earste by de boppeste tonne. Mar it wie útdaagjend waar, der wie genôch mooglik foar ús."

Rivaal Douwe Visser hie ek troch dat syn start goed wie. "It Hearrenfean wie sânde. Dus dat seach der moai út. Mar ik seach dy jonge hûnen hieltyd in skipke tichterby kommen. Doe tocht ik bliksem, der moat wol in skipke tusken bliuwe."

'Pikefel as it slagget'

Mei noch ien krúsrak te gean, gie It Hearrenfean troch in skiftsjende wyn it skûtsje fan Drachten foarby. Op dat momint sylde Sytze Brouwer firtueel op kampioenskoers. En dus moast der wat barre oan board by Grou. "Plan B moast út de kast. We moasten It Hearrenfean opsykje en sa fier fuortbringe dat Drachten der wer tusken komme koe."

Wat folge wie in ôfgryslik spannende ûntknoping. Grou finishte in pear sekonden foar Drachten, dat op syn beurt krekt wer in pear sekonden foar Hearrenfean oer de finish kaam. "Je kinne it yn it foar hast net betinke," laket Visser. "Mar wannear't it dan slagget, dat is pikefel."

Hoewol't Brouwer de ferliezer wie, sjocht hy grutsk werom op de prestaasje yn 2018. "Ferlieze is net folle oan. Dêr dogge je it net foar. Mar ik bin sa grutsk op hoe't de bemanning dizze wedstriid syld hat. It is de moaiste wedstriid dy't ik ea meimakke haw..."

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Tiisdei binne de skipper fan Earnewâld, Gerhard Pietersma, en âld-skipper Anne Tjerkstra te gast. De iene, Pietersma, is hjoed-de-dei skipper fan it Steatejacht, wylst de oare dat yn it ferline west hat.

De útstjoeringen komme alle dagen út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich omtinken foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids. Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierders sille ferskate keunstners in oade bringe oer harren gefoel by it skûtsjesilen. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)