Gjin straf foar Snitser dy't oanslach op Binnenhof pleegje woe

21 jul 2020 - 13:50

De 39-jierrige Ramon A. fan Snits, dy't yn 2019 in oanslach plege woe op it Binnenhof yn Den Haag, wurdt net ferfolge. De rjochtbank fynt dat de man folslein ûntarekkenber is.

It Binnenhof yn Den Haag - Foto: Shutterstock.com

De man ferklearre dat hy fan doel wie om politisy del te stekken. Dêrnei woe hy troch de plysje deasketten wurde. De man stapte nei oanwêzige maresjaussee by de Earste Keamer en sei dat hy terrorist wie. De man waard dêrop arrestearre en it Binnenhof waard ûntromme.

Neffens de rjochtbank is de man skuldich oan it tarieden fan moard mei terroristysk doel en it bedriigjen fan politisy. Neffens it Pieter Baan Centrum hie de man lykwols lêst fan skizofreny en is hy dus net tarekkenber. De Snitser is opnaam troch GGZ Fryslân en sette earder dizze moanne útein mei syn behanneling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)