Ljouwerter advokaat Van der Goot stiet boeren by foar ferkearsboeten

Advokaat Tjalling van der Goot fan Anker & Anker Strafrechtadvocaten stiet de kommende tiid 13 boeren fan aksjegroep Farmers Defence Force by dy't in boete ferwachtsje kinne om't dy mei in trekker op in snel- of autodyk riden hawwe.
Tjalling van der Goot © Omrop Fryslân
It giet om boeren dy't op ferskate datums nei desimber 2019 in boete krigen hawwe yn Etten-Leur, Rolde, Bodegraven, Zoetermeer, Hoogeveen en Grins. De boeren fine dat sy gjin straf fertsjinje, om't sy de aksjes dien hawwe yn it ramt fan in rjochtmjittige demonstraasje.