Drokte yn Duinen Zathe: gjin minsken mear nei binnen

It is tige drok by attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea. It park hat tiisdei syn maksimale besikersoantal fan sa'n 1.700 minsken berikt. Oars kinne der 4.000 minsken yn it park, mar fanwegen it coronafirus meie der mar 2.000 minsken yn fan de gemeente. It park hat sels besletten net mear as 1.700 ta te litten.
© Omrop Fryslân, Diana de Groot
Der kinne tiisdei gjin nije besikers Duinen Zathe mear yn. "Vandaag zijn wij helemaal uitverkocht", sa stiet op de Facebook-side fan Duinen Zathe. It park is de hiele fakânsje eltse dei iepen. De ferwachting is dat it park mei moai waar de kommende tiid noch wol faker útferkocht wêze sil.