WCF-stichting jout tydlik mear subsydzje oan Fryske musea

Fryske musea kinne tydlik mear subsydzje fan de Wassenbergh-Clarijs-Fontein stichting krije. Yn stee fan 80 persint kostefergoeding, wurdt it no mooglik om in hiele ynvestearring fergoede te krijen.
© Shutterstock.com
De stichting krige de lêste tiid net folle oanfragen en tinkt dat de eigen bydrage in drompel wêze kin. Ek troch de coronakrisis soene musea it net oandoare in ynvestearring te dwaan.
De WCF-stichting jout subsydzjes oan musea dy't wurkje oan it behâlden en behearen fan Frysk kultureel erfgoed. Musea kinne in fergoeding krije foar bygelyks restauraasjes of klimaatmaatregels.