Betinking foar shorttrackster Lara van Ruijven yn Thialf

21 jul 2020 - 10:53

Yn iisstadion Thialf sil woansdei in betinking foar Lara van Ruijven hâlden wurde, de wrâldkampioene shorttrack dy't op 10 july ferstoar. Woansdeitejûn sil sy mei in rou-auto nei Thialf riden wurde. Teamgenoaten sille in earehage foarmje en de auto sil yn Thialf in lêste rûntsje ride.

Lara van Ruijven op argyfbyld - Foto: Orange Pictures

Van Ruijven ferstoar yn Frankryk en is ôfrûne wykein werombrocht nei Nederlân. Nei de gearkomste yn Thialf sil it lichem nei Westland brocht wurde, dêr't sy opgroeid is foar't sy nei It Hearrenfean ferhûze. De famylje sil yn in lyts fermidden ôfskie nimme.

Wereldkampioene

Carl Mureau fan de KNSB seit dat it in bysûndere betinking foar in bysûndere shorttrackster wurdt. "De eerste Nederlandse vrouw die een wereldtitel shorttrack heeft gewonnen vorig jaar. Woensdagavond zal Lara in een lijkwagen naar Thialf wordt vervoerd. Dan is het de bedoeling dat er rondom Thialf een erehaag gevormd wordt door fans, belangstellenden, shorttrackliefhebbers. De auto gaat Thialf binnen en zal in Thialf nog een ronde rijden waar ze wordt toegeklapt door haar ploeggenoten. Daarna gaat de auto weer naar buiten om Thialf weer te verlaten, waar ze iedere dag trainde. Daarna gaat ze naar Westland, waar later de uitvaart ook zal zijn."

De hiele betinking bart yn oerlis mei de famylje fan Van Ruijven. "De familie wilde de uitvaart besloten houden, maar aan de andere kant wilden ze ook dat Lara het eerbetoon zou krijgen dat ze zo verdient. Door keihard te werken met haar talent en doorzettingsvermogen heeft ze zich naar de wereldtop gewerkt. Een onmisbare schakel van het relayteam. In 2019 kwam de ultieme beloning toen ze wereldkampioen werd op de 500 meter in Sofia. Omdat er geen WK is verreden vanwege corona is ze nog steeds regerend wereldkampioen op de 500 meter."

Carl Mureau fan de KNSB

(advertinsje)
(advertinsje)