34 boeten foar protesttrekkers Loaiïngea fanwegen it riden op N-diken

21 jul 2020 - 10:46

Nettsjinsteande warskôgingen fan de plysje hawwe guon boeren dy't moandeitejûn meidiene oan it protest by Loaiïngea harren net oan de ferkearsregels holden nei it byinoarwêzen. De plysje hat 34 boeten útdield oan boeren dy't benammen op de N-diken oan it riden wiene.

Foto: Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra

Yn totaal hawwe der sa'n 350 boeren west yn de greide by Loaiïngea, dêr't sy mei trekkers it wurd 'Fryslân' en in pompeblêd foarmen. Neffens plysje Fryslân wie de organisaasje fierder goed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)