Simmerblog: Simmer yn Peazens-Moddergat

21 jul 2020 - 18:01

Omrop Fryslân is tiisdei de hiele dei yn twillingdoarpen Peazens en Moddergat. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer yn Peazens-Moddergat
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Woansdei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Burdaard. Oant moarn!

17:41
Yke-Muoi

Oan de seedyk by Moddergat stiet 'Kofje en Tee Drinkerij Yke-Muoi', ferneamd nei in histoaryske ynwenner. "Yke-Muoi hat hjir eartiids op De Oere wenne, sy hie dêr in hûskeamerkafee. Skippers kochten dêr in slokje. Sadwaande dat wy it hjir ek sa ynrjochte ha," fertelt Gooitzen Basteleur.

Hy is neikommeling fan ien fan de pear oerlibjenden fan de fiskersramp fan 1883. De float fan Peazens-Moddergat waard troffen troch in swiere stoarm en 83 fiskers kamen om. "Myn oerpake Gerben Basteleur is rêden, mar syn omke moast er gean litte. Letter is er wer te fiskjen gien en doe fiske er syn eigen omke wer op. It is te gek foar wurden."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Yke-Muoi

Gooitzen en Reina fan Drinkerij Yke-Muoi - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
16:28
Alde barrels

It Alde Barrel, sa hjit de brommerklup fan Peazens-Moddergat. "Yn 2005 kamen wy derachter, wy moatte mar in brommerklup ha." In jier letter waard de earste rit riden en yntusken hat de klup 37 leden. De klup hat noch gjin kluphús. "Dêr ha wy net genôch knaken foar," laket ien fan de leden.

Ferslachjouwer Willem de Vries by It Alde Barrel

15:27
De Hûn

De Hûn by Peazens is in unike mûne. "Hy hat eins twa funksjes, it is in nôtmole en pelmole," fertelt Frits Bloem. "Wy hoopje dat it pelwurk ynkoarten wer ris yn eare opholpen wurdt. Dat ha wy eins noch nea dien."

Ferslachjouwer Willem de Vries by De Hûn

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
14:11
De Granaet

De sfear sit der goed yn, mei help fan draaioargel de Granaet fan Dokkum. "It oargel is fan 1900 en hie tsien jier stilstien. Trije jier lyn ha ik my it lot oanlutsen," seit Cor Anjema. De restauraasje wie in swier putsje, fertelt er.

Ferslachjouwer Willem de Vries by de Granaet

De Granaet - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:31
Parkearproblemen

Ien fan de swierrichheden wêr't Peazens en Moddergat mei te krijen ha, is it parkearen. "As wy hjir simmers in moaie partij ha, moatte de auto's oan de wei parkeare en leveret dat ûnfeilige sitewaasjes op," seit Oene van der Woude. Ek op moaie simmerdagen is it drok yn de doarpen. "Einliks is parkearen troch it hiele doarp in probleem. In pear jier lyn ha wy dêr in moai plan foar skreaun, mar dat is eins yn it neat goait by de gemeente."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Oene van der Woude

Oene van der Woude - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
11:42
It Grenatefabrykje

By it histoaryske Grenatefabrykje oan de seedyk bart hjoed de dei fan alles. Tiisdei is bygelyks keunstkollektyf De Groen fan Dokkum yn it fabrykje. Sa wurdt der pottebakt, byldhoud, dûnse, skildere en noch folle mear.

Ferslachjouwer Willem de Vries by it Grenatefabrykje

Yga Wagenaar, Janne Hamstra en Hepie de Haan fan De Groen - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:55
Bûtsykje

Bûtsiker Jan Idskema is eins elke dei wol efter de dyk te finen. "As der wol of net wat oankomt makket my neat út." Hy seit dat der de lêste jierren hieltyd minder oanspielt. "Foarhinne kaam der folle mear oan. Doe lei der folle mear op it dek, no sit alles yn de konteners." Troch de jierren hat er al fan alles fûn, sa as in byldsje fan in iisfûgel, winterjassen en sels ris in wytsnútdolfyn.

Idskema wennet al jierren yn Peazens. Wenje yn Moddergat foldie him net al te bêst. "Der siet altyd wol wat ferskil yn, no falt dat wol wat ta. De tiden binne feroare."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Jan Idskema

Jan Idskema - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:09
It fiskersferline

Peazens en Moddergat binne foaral ferneamd troch it fiskersferline. By museum 't Fiskershúske is dy rike histoarje werom te sjen, sa as de lytse húskes wêr't de fiskers yn wennen.

"Hjoed-de-dei soene je miskien sizze, it is in tiny house," seit Taeke Kooistra. "It is in hiel lyts keammerke, dêr wenne in hiele grutte húshâlding yn. Heit, mem miskien seis of sân, of soms sels tolve bern. En pake en beppe kamen der ek wolris by te wenjen." Wa't nei binnen wol, sil wol efkes bûge moatte, want de doarren binne lyts. Kooistra hat dêr gjin lêst fan. "Sy ha my keazen op myn lingte, ik pas ûnder elke doar troch," laket er.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn in fiskershúske

9:55
De seemynramp

Yn 1945 waard in seemyn fûn op de Waadsee by Peazens. By it ûntmanteljen fan de myn gie it mis, mar hoe't dat barre koe? "Dat wit gjinien," fertelt Einte Prins. "Der wie ien man, dy wie trijehûndert meter derfan ôf, dy seach dat se it deksel fan de myn losskroefd ha. Doe't se der goed en wol boppe stiene te sjen, wie der ynienen in klap en wiene se allegear dea." Yn 2015 kaam der lang om let in monumint.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it monumint

Einte Prins by it monumint - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:45
Wat wie der earder, Peazens of Moddergat?

"Peazens wie der earder," fertelt Taeke Visser fan it doarpsbelang. "De tsjerke is fan om 1250 hinne, doe wie Peazens der al." Ek yn dy tiid wie it al in fiskersdoarp. "Trochdat de Waadsee ûndjipper waard achter de dyk, koene de fiskers muoiliker oan wâl komme. Doe binne se oer it rivierke de Peazens gien, dêr ha se in nij doarp makke. Dat waard Moddergat."

Wat wie der earder, Peazens of Moddergat?

9:30
Wolkom yn Peazens-Moddergat

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei te gast yn twillingdoarpen Peazens en Moddergat. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Willem de Vries dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Noardburgum. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)