Houten pylder ûnder Keningsbrêge by Harns ferfongen nei ûngelokje

21 jul 2020 - 08:18

Rykswettersteat hat ferline wike in houten ûnderdiel ûnder de Keningsbrêge yn Harns oer it Van Harinxmakanaal ferfange moatten. In skip fear mei te folle fermogen ûnder de brêge troch. Dat smiet in sûgjende krêft op en dêrtroch kaam it skip dat der efter lei tsjin de brêge oan.

Foto: Rijkswaterstaat Noord NL

Der rekke neffens Rykswettersteat net ien ferwûne, mar it houten part by de Keningsbrêge moast wol wersteld wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)