Plysje siket tsjûgen fan mishanneling oan de Dubbelstrjitte yn Balk

De plysje freget minsken dy't wat sjoen of heard hawwe fan in mishanneling oan de Dubbelstrjitte yn Balk kontakt op te nimmen mei de plysje. In ynwenner fan Balk is sneintejûn mishannele troch in groep fan fiif persoanen. Dat barde nachts om 1.30 oere hinne by in hoarekagelegenheid yn Balk.
De Dubbelstrjitte yn Balk © Google Street View
De groep hie de man binnen oansprutsen en doe't hy dêrnei bûten kaam stiene sy him op te wachtsjen. Ien fan de groep foel him dêrop oan. It slachtoffer foel. Wylst hy op de grûn lei waard hy troch meardere persoanen skopt en slein. In omstanner besocht de man te helpen.
It slachtoffer rûn yn alle gefallen in brutsen noas op. De fertochten fan de mishanneling binne neffens it slachtoffer tusken de 20 en 30 jier âld. Ien fan de dieders soe yn in supermerk yn it doarp wurkje.