Drankrider bedarret op 'e kop yn in sleat yn Boelensloane

21 jul 2020 - 06:17

Yn Boelensloane is moandeitenacht in drankrider yn in sleat riden oan de Spekloane. De bestjoerder kaam mei de auto yn de berm, skampte in beam en kaam yn de sleat telâne. Plysje, brânwacht en ambulânse kamen gau op it plak.

Foto: Kappers Media

Mei help fan omstanners koe de bestjoerder de wein fia de kofferbak ferlitte. Hy rekke net ferwûne, mar moast wol mei nei it plysjeburo. Der is in blaastest dien en it die bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan alkohol. De dyk hat in skoftke ôfsletten west.

(advertinsje)
(advertinsje)