Stekynsidint op It Hearrenfean: slachtoffer net slim ferwûne

21 jul 2020 - 06:08

Der hat moandeitejûn in stekynsidint west oan de Baronesse de Vos van Steenwijksingel op It Hearrenfean. Oan it begjin fan de jûn is der in man stutsen mei in skerp foarwerp.

Foto: Dennis Stoelwinder

Neffens in wurdfierder fan de plysje rekke it slachtoffer net slim ferwûne, mar moast er wol nei it sikehûs foar behanneling. De strjitte hat in skoft ôfsletten west foar ûndersyk troch de plysje. Der is foar safier bekend nog net ien oanholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)