Ludyk protest mei trekkers, boeren meitsje pompeblêd yn greide by Loaiïngea

It lytse doarpke Loaiïngea wie moandeitejûn it dekôr fan in grut boereprotest. Mei mear as fjouwerhûndert trekkers makken boeren út hiel Fryslân in statement tsjin de oerheid. Se binne it net iens mei de maatregels fan lânbouminister Carola Schouten. Om harren ienheid sjen te litten, makken de boeren in grut pompeblêd fan trekkers yn de greide. Ek wie de tekst Fryslân út de loft wei te lêzen.
Ludyk protest mei trekkers, boeren meitsje pompeblêd yn greide by Loaiïngea

Trochgean oant ik derby del fal

"Wy dogge dit om ek ris goed yn it nijs te kommen," seit Lieuwe Dooper. Hy stiet mei in grutte gniis it ferkear te regeljen op it lânboudykje neist de greide. It dykje streamt fol mei trekkers, dy't allegearre yn de greide stean wolle. "We ha mei in gps de folsleine rûte útseit," laket Dooper wylst er de trekkers nei de goeie plakken wiist. "Dit protest is om it negative byld dat we allinnich mar diken blokkearje tsjin te wurkjen. Ik haw by alle protesten west en woe dit ek net missen. Ik gean troch oant ik derby del fal."
© Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra

Ferbûn

De greide feroaret sa stadichoan yn in lyts festivalterrein. Op in poadium stiet in sjonger de boeren ta te spyljen. Ek binne der twa dixies pleatst en stiet in snackwein klear om de boeren fan in hamburger te foarsjen. "Wy komme hielendal út Warkum," fertelt Jochum van der Gaast. "In heal oerke riden, mar dat hawwe wy der foar oer. Dit protest is unyk en om sa yn byld te kommen is moai. Ik bin sels gjin boer, mar ha wol in bedriuw yn de meganisaasje. Wy binne sa ferbûn mei-inoar, dat we mei ús allen ien binne."
Nei in drokke perioade fan organisearje, de trekkers it goeie paad wize en alles klearsette, slagget de organisaasje der op 't lêst yn om de tekst en it pompeblêd foarinoar te krijen. "It hat efkes de tiid nedich," laket Dooper. "Mar as it dan sa fier is, dan ha je ek wat geweldichs!"
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is derby