Danny Noppert ferrast mei winst tsjin Price op World Matchplay

20 jul 2020 - 22:52

Darter Danny Noppert hat moandeitejûn de twadde ronde fan de World Matchplay yn it Ingelske Milton Keynes berikt. De Jouster wûn ferrassend mei 10-7 fan in matich spyljende Gerwyn Price út Wales, de nûmer trije fan de wrâld.

Danny Noppert wint

"Dit wie net myn bêste wedstriid", fertelde Noppert fuort nei ôfrin. "Price spile min, mar it is lekker om fan dizze spilers te winnen. It moat aansten wol skerper as hjoed, oars kom ik der net."

De earste twa legs fan de wedstriid giene mei de darts mei, mar doe koe Noppert foar it earst in break pleatse mei in finish fan 80. Dat levere him in 3-2 foarsprong op by it earste skoft. Dêrnei sakke it nivo fan de Fries wat yn, mar hy pakte it yn de njoggende leg wer op. Mei syn lêste dart op dûbel tsien brocht hy de tuskenstân op 6-4.

Meardere wedstriiddarts

Fan dat momint ôf wie tsjinstanner Price it hielendal kwyt. Noppert rûn ienfâldich út en pakte mei in wichtige 89-finish de 8-5 foarsprong. Net folle letter krige hy meardere pylken foar de winst, mar dy giene der net yn. Price stapte yn en pakte de leg, mar de Jouster smiet mei in kreaze finish fan 88 dochs noch de oerwinning nei him ta.

Takom woansdei spilet Danny Noppert yn de twadde ronde tsjin Ingelskman Adrian Lewis.

Twadde Matchplay

Ferline jier makke Danny Noppert syn debút op de World Matchplay. Doe ferlear hy yn de earste ronde fan twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson.

Danny Noppert oer syn winst op Gerwyn Price

Foto: Orange Pictures

De World Matchplay wurdt dit jier net yn it gebrûklike Blackpool hâlden, mar yn Milton Keynes krekt boppen Londen. Dat is fanwegen it coronafirus. By dizze edysje fan it telefyzjetoernoai mei gjin publyk oanwêzich wêze yn 'e seal. Alle darters moasten foarôfgeand oan it toernoai in coronatest ûndergean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)