Treemter en terras ytkafee yn Grou sluten foar skeinen coronaregels

Kafee De Treemter yn Grou en it terras fan ytkafee Amicaal yn itselde doarp binne sluten foar it skeinen fan coronaregels. De Veiligheidsregio Fryslân hat beide gelegenheden sluten op fersyk fan de gemeente Ljouwert.
© Google Streetview
Der wiene sneontenacht te folle minsken te ticht byinoar en te min hygiënemaatregels yn acht naam. De besikers waarden ek gjin fragen steld oer harren sûnens en net elk hie in sitplak.
Beide gelegenheden meie wer iepen as se in plan fan oanpak sjen litte kinne. Gjinien hat in boete krige.