FIDEO: "Ik wit net wannear, mar ik slút in frou oan it helmhout net út"

Yn de earste ôflevering fan it Skûtsjesjoernaal binne moandeitejûn de foarsitter fan de SKS, René Nagelhout, en njoggenfâldich kampioen Douwe Visser te gast. Sy hawwe it ûnder oare oer de takomst fan de sport, it net trochgean fan de silerij dit jier en de status fan ymmaterieel erfgoed foar it skûtsjesilen.
Yn de útstjoering fierders in reportaazje oer de oprjochting fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) yn 1945 en in oade oan de simmer fan Johannes Rypma & De Bountyhunters.
Sjoch hjir de útstjoering fan it Skûtsjesjoernaal werom: