Lânbouminister Carola Schouten hâldt Rede fan Fryslân

Minister Carola Schouten fan lânbou sil dit jier de Rede fan Fryslân hâlde. Yn dy taspraak lit in pommerant har of syn ljocht skine oer de takomst fan Fryslân.
Minister Carola Schouten © ANP
De Rede fan Fryslân wurdt sûnt 2012 alle jierren útsprutsen yn it provinsjehûs en is betocht troch âld-kommissaris fan de Keningin John Jorritsma. Eardere sprekkers wienen ûnder oaren sjoernalist Olaf Koens en âld-keamerfoarsitter Gerdi Verbeet. Ferline jier spruts waarman Gerrit Hiemstra oer Fryslân en klimaatferoaring.

Lânbou

Mei gastsprekker Carola Schouten is it tema dit jier fansels de lânbou. Carola Schouten hat de ôfrûne moannen by in soad boeren kwea bloed set mei har belied en plannen op it mêd fan lânbou. De Rede fan Fryslân wurdt dit jier op 8 oktober hâlden.