Tonnen út Iepen Mienskipsfûns foar Waadeilannen

Tolve projekten op de Fryske Waadeilannen krije mei-inoar op 'e nij tonnen út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje. It doarpshûs fan Skiermûntseach wol ferbouwe om it gebou tagonkliker te meitsjen. De biblioteek wurdt ek belutsen yn it doarpshûs. Se krije 75.000 euro foar it projekt dat trije ton kostet.
It doarpshûs fan Skiermûntseach © Google Streetview
Foar Skylge is yn twa gefallen in grut jildgebrach takend. Mienskipssintrum ET10 op it eilân kriget 24.500 euro foar in ferbouwing en de Jutfabryk in lytse 34.000 euro.
Yn totaal hawwe ferskate projekten op de eilannen nei dizze twadde útjefte 587.000 euro krigen fan it Iepen Mienskipsfûns. De oare projekten dy't jild krije binne ûnder oare:
* in oesterswamkweek op Skiermûntseach kin steat meitsje op in bedrach fan 10.000 euro. Foar it riker meitsjen fan de kweekgrûn wurdt kofjegrom brûkt fan de eilanner hoareka en fan de boaten fan en nei de fêste wâl.
* Waadlaboratorium Oerol op Skylge dêr't keunstners, wittenskippers en ûntwerpers prate kinne mei bewenners en oar publyk oer maatskiplike en ekologyske fraachstikken: 9000 euro
* in gebou foar it ûnderbringen fan personiel fan camping Stortemelk op Flylân, dat ek geskikt is foar oare doelgroepen. De Stichting Recreatie belangen Vlieland docht ûndersyk nei de mooglikheden en kriget dêr in bedrach fan goed 6300 euro foar.
* in elektyske strânrolstoel op it Amelân: goed 4700 euro.
* de wite fjoertoer Skiermûntseach geskikt meitsje foar besichtiging: 4000 euro.
* boartersguodútlien op Skiermûntseach, ek foar sport en spul: in bedrach fan 3480 euro.
* in literatuerpriis op Skiermûntseach foar ultrakoarte ferhalen. Yn septimber is de priisútrikking op it eilân mei as spesjale gast A. L. Snijders:. Dit projekt kriget in bedrach fan 1568 euro út it Iepen Minskipsfûns.