SC Hearrenfean traint wer foar it earst, nije keeper wurdt dizze wike presintearre

Sportklup Hearrenfean bestiet moandei hûndert jier. Op 20 july 1920 waard de klup oprjochte. Moandei is tagelyk ek de dei fan de earste training fan SC Hearrenfean nei de coronastop, it bekend meitsjen fan de oefenwedstriden en dat der in nije keeper oan sit te kommen.
ynternetrepo earste training Hearrenfean
Dy nije keeper wurdt nei alle gedachten tongersdei bekend makke. It giet om Erwin Mulder. Hy spile fan 2015 oant 2017 al 77 wedstriden foar Hearrenfean. Doe gong Mulder nei Swansea City. Dêr spile er de lêste twa jier hast noait, mei troch blessueres.
Hearrenfean hat mei Jaimy Kroesen eins mar ien keeper. Hy is noch mar 17 jier en spile by de jeugd fan Feyenoord en Excelsior.
Jaimy Kroesen
Jan Bekkema syn kontrakt waard net ferlinge, mar hy sil foarearst noch wol meidwaan en foaral minuten meitsje by de beloften.
Ek Daniel Hoegh trainde moandei mei. De Deen hâldt syn kondysje op peil by Hearrenfean. Mar neffens technysk manager Gerry Hamstra is it net bedoeling dat er bliuwt. "Zeg nooit nooit, maar dat is in principe niet de intentie."

Trije posysjes noch ynfolje

Hearrenfean sil no op syk nei minimaal trije nije spilers: noch in keeper, in linker sintrale ferdediger en in spits. Hamstra: "Dat is wat we nu willen, maar bel me over vijf minuten weer en het kan heel anders gaan. We willen ook nog wel graag een aanvallende middenvelder, die ook voorin kan spelen, maar die andere drie posities hebben momenteel prioriteit."
Johnny Jansen
Hearrenfean traint de kommende seis wiken yn Jobbegea. Faak traint Hearrenfean yn de tarieding faak yn Langsweagen, mar it kompleks dêr wurdt ferboud, wêrtroch't se no útwike moatte nei Jobbegea. Sneon spilet Hearrenfean de earste oefenwedstriid yn Jobbega, in oefenwedstriid fan de earste seleksje tsjin de beloften.
Op sneon 1 augustus sil de earste wedstriid spile wurde yn Breda tsjin NAC. Hearrenfean siket noch ien tsjinstanner, mar hat it skema fierder klear.
Gerry Hamstra

Oefenduels: