UPDATE: Dúnbrân Skylge ûnder kontrôle; sa'n 50 fjouwerkante meter dún ferlern
Oan de Badwei by Formearum op Skylge hat moandeitemiddei 50 fjouwerkante meter dún yn 'e brân stien. It fjoer wie oan de râne fan 'e bosk. De brânwacht is mei twa blusauto's te plak kaam om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.
Troch it rappe optreden fan de brânwacht koe nei trije kertier it sein 'brân master' jûn wurde.