Plysje siket frachtweinsjauffeurs dy't holpen hawwe nei ûngelok op A32

De plysje siket twa frachtweinsjauffeurs dy't meiholpen hawwe mei oprêden nei it grutte ûngelok fan tongersdei op de A32 net fier fan It Hearrenfean. It ûngelok by Aldeholtwâlde soarge foar in grutte ravaazje op de dyk. Sân persoanen rekken licht ferwûne.
© ProNews
Om tsien foar twaen tongersdeitemiddei wie by in benzinestasjon op de A32 in oanriding tusken in frachtauto en in camper. Der wie in soad skea en de dyk lei besiedde mei guod.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei de twa frachtautosjauffeurs dy't meiholpen hawwe it guod fan de wei te heljen. Sy kinne belje mei 0900-8844.