Sybrandy's iepenet op nije lokaasje: "Wy behâlde it foar Gaasterlân"

20 jul 2020 - 14:19

Sybrandy's Speel- en Natuurpark is moandei wer iepengien. Op in nije lokaasje, oan de Iselmar by Aldemardum, hat it park in twadde libben krigen. "Wy hawwe Sybrandy's behâlde kinnen foar Gaasterlân," seit eigener Sjerp Jaarsma.

Sybrandys iepenet wer

It park siet earder yn Riis, mar yn 2019 giene de doarren ticht. Sjerp Jaarsma kocht de attraksjes en boude by Aldemardum in nij park. "Fan 9 maaie 2019 ôf haw ik der kontinu mei dwaande west en it is aldergeloks slagge." Hy is optein dat it no klear is. "It is hartstikke moai, letterlik alles wat by harren stie, stiet hjir ek."

Troch de coronakrisis is der dit jier gjin offisjele iepening. "Wy hawwe sa'n soad donateurs, as wy dy allegear útnûgje hawwe wy sa'n tûzen minsken, dat fine wy mei dy corona ûnferantwurde. Dêrom dat wy de offisjele iepening trochskowe nei oar jier. Dan binne ek de lêste dingen ôf, bygelyks de natueredukaasje."

Positive reaksjes

Ek de earste gasten fan it nije Sybrandy's binne wiis mei de weriepening. "Het was even wennen, maar we zijn blij dat ze terug zijn," sa seit ien van de besikers. Ek de nije lokaasje falt goed yn de smaak. "Het ziet er heel mooi uit. We hebben prachtig uitzicht op het IJsselmeer, dat is wel heel leuk."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by it nije Sybrandy's

Sybrandy's Speel- en Natuurpark by De Hege Gerzen by Aldemardum - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)